Mei auto heit en mem útnaaid

01 jul 2007 - 14:19

De plysje hat in 17-jierrige ynwenner fan Drachten in rydferbot oplein. Hy wie sneintenacht mei de auto fan syn heit en mem útnaaid. Doe't er fytsers fan 'e sokken ried, waard de plysje warskôge. Dy hat de jonge oanhâlden.

De jonge hie ek fierste folle dronken. Dêrom krige er ek nochris in rydferbot fan sân oeren. Autoride mocht er dochs al net, mar mei it rydferbot mocht er ek net mear fytse of op 'e brommer fuort.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)