Helmholt wint yn Grypstsjerk

01 jul 2007 - 14:07

Bart Helmholt fan Hurdegaryp is sneontejûn winner wurden by it fierljeppen yn Grypstsjerk. Hy wûn it mei in sprong fan 18.00 meter. Rein van der Wal waard twadde mei 17.88 meter.Henk Schievink waard tredde.

Chaim La Roi wûn it by de junioaren mei 17.85 meter. Mei 15.91 meter wie Henk Rijpma de bêste by de jonges. By de froulju wûn Alant Vlieger mei 13.20 meter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)