900 t-shirts stellen

01 jul 2007 - 14:01

By in ynbraak by in bedriuw yn Snits binne njoggenhûndert t-shirts stellen. De ynbraak barde yn de nacht fan sneon op snein. De shirts mei lange mouwen leine yn in loads oan de Sadelmakkersstrjitte yn 'e stêd.

Unbekenden hawwen in rútsje stikkenslein en binne sa it gebou ynkaam. Neist de t-shirts binne ek fjirtich festen stellen. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)