Frou ferwûne yn Sumar
In frou fan 83 jier út Burgum is sneintemoarn ferwûne rekke by in ûngelok yn Sumar. De frou ried mei har auto oer de Greate Buorren en rekke yn in bocht fan 'e dyk ôf. Se ferlear dêrtroch de macht oer it stjoer en ried in droege sleat yn.
De frou is oerbrocht nei it sikehûs, har auto is fuortsleept.