Skeafergoeding bedoarn útsicht

© Omrop Fryslân
Tsien eigners fan hûzen oan de Bûterikkers yn Warkum wolle in skeafergoeding fan de gemeente. Har hûzen lizze nei de oanlis fan de wyk Thomashof net mear oan de râne fan de stêd. Dêrtroch is ûnder oare it útsicht minder wurden.
Boargemaster en wethâlders ha twa buro's de sitewaasje beoardiele litten en stelle de rie no foar de skeafergoeding te beteljen. It giet om bedraggen fan 3.000 oant 14.000 euro.