Fjouwer sylfloaten fusearje

01 jul 2007 - 10:07

De sylfloat Lemmer-Starum fusearret takom jier mei trije oare sylfloaten. Dat wurdt dien om mear ynfloed op de merk te krijen. Neist de sylfloat Lemmer-Starum giet it om de Zeilvaart, de Hanzestad Compagnie en de Channel Cruises Holland.

De fúzje hat gjin grutte gefolgen foar de organisaasjes. Alle kantoaren bliuwe iepen en der falle gjin ûntslaggen. De nije organisaasje krijt de namme Naupar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)