Plysje: ekstra kontrôles op A7

01 jul 2007 - 09:17

De plysje hâldt de kommende tiid ekstra snelheidskontrôles op de A7 tusken Koarnwertersân en Surch. Oan it stik dyk wurdt op dit stuit wurke. De minsken dy't dat wurk útfiere, hawwe by de plysje klage dat der faak te hurd riden wurdt.

Earder dit jier waarden by snelheidskontrôles op de N31 tusken Harns en Surch tûzenen bekeurings útdield. Ek dat wie by wurk oan de dyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)