Hearrenfean wol Belgyske spits

30 jun 2007 - 17:49

SC Hearrenfean wol him graach fersterke mei François Sterchele. De 25-jierrige oanfaller fan Germinal Beerschot waard dit seizoen mei 21 doelpunten topskoarer fan Belgie.

Vice-foarsitter Herman Kesters hat tsjinoer ferskate Belgyske media ferkondige dat Hearrenfean ynteresse hawwe soe foar de ien-fâldich ynternasjonal. Sterchele soe sawat trije miljoen euro kostje moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)