Museum 't Ponthús iepene

Yn Starum is sneon it nije museum 't Ponthús iepene. Yn it museum binne saken te sjen oer de skiednis fan de havenstêd, ûnder oare oer it Vrouwtje van Stavoren. In soad Starumers ha histoarysk guod oan it museum skonken en binne donateur.
Twa jier lyn hat in groep minsken plannen makke foar in eigen museum yn Starum. Yn twa leechsteande gebouwen oan it Hellingpaad is dat no realiseard.