Festival Simmer yn Snits

30 jun 2007 - 11:22

In nij grut kultureel simmerfestival moat yn de takomst in grutte publykslûker wurde foar de stêd Snits. Mei it nije festival dat dit jier foar it earst hâlden wurdt, gokt de gemeente op tsientûzen ekstra besikers yn it jier.

It festival duorret de hiele simmer. Op ferskate dagen is der strjitteater fiif sneinen lang is der in muzykmatinee yn it sintrum. Dêr moat takom jier in popoptreden bijkomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)