Molkkwota yn 2015 fuort

It systeem fan molkkwota moat op syn lêst yn 2015 ferdwine. It systeem is neffens Europeesk Lânboukommissaris Fischer Boel net langer sinfol. De kommissaris hie soks al earder sein, mar se wie net earder sa útsprutsen.
De limiten op de molkeproduksje binne ea ynfierd om de produksje yn de stringen te hâlden. De molkkwota soenen op 31 maart 2015 ôfskaft wurde kinne, sa fynt de Eurokommissaris.