'Gjin pasfoto's by gemeenten'

29 jun 2007 - 17:04

Fotografen binne poer op it ministearje fan binnenlânske saken. It ministearje wol dat gemeenten tenei sels de pasfoto's meitsje foar de paspoarten. Dat soe makliker wêze foar de boarger en it soe it paspoart in stik goedkeaper meitsje.

De fotografen binne lykwols benaud dat guon saken fallyt gean om't se in soad omset misrinne. Boppedat is it sa maklik noch net om in goede pasfoto te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)