Wol beswier tsjin beammekap

29 jun 2007 - 14:50

Der kin wol deeglik beswier makke wurde tsjin de kap fan beammen yn it Bonifatiuspark yn Ljouwert. Aksjegroep de Bomenridders meldde juster dat de Algemene Plaatselijke Verordening oanpast wie om de kap fan dik 400 beammen mooglik te meitsjen. Sa soe beswier meitsje net kinne.

De gemeente seit dat de beammen fuort moatte fanwege de bouplannen dêr, mar dat der wol gewoan beswier makke wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)