Dug-outs Cambuur stellen

© Omrop Fryslân
De dug-outs fan it jeugdopliedings-kompleks fan Cambuur binne stellen. Altearst, dat tinkt Cambuur. Woansdeitejûn kamen der trije mannen op it kompleks De Hertgang yn Ljouwert. Sy woene in flaggemast meinimme. Ien fan de behearders koe de mannen tsjinhâlde.
Letter die bliken dat der twa dug-outs fuort binne. Wa de mannen binne, wit Cambuur net. Se hawwe wol oanjefte dien by de plysje.