Takom jier: Fryske feteranedei

29 jun 2007 - 13:25
  • Nei 60 jier set Murk van der Meer syn helm wer op..

Fryske feteranen kinne fan takommend jier ôf telâne op ien sintrale provinsjale feteranedei. Dizze dei soe dan tagelyk hâlden wurde moatte mei de nasjonale dei yn Den Haach.

Neffens de organisaasje is der in soad ferlet fan sa'n regionale dei omdat Den Haach foar in soad feteranen te fier riden is. Der soene yn Fryslân goed seistûzen feteranen wêze. Sa't tsien prosint soe op de dei komme moatte, wol sa'n dei sinfol wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)