Nijpels lulk om SAR

De SAR helikopter moat op de fleanbasis yn Ljouwert bliuwe. Dat fynt Kommissaris van de Keninginne Ed Nijpels, hy is lulk op minister Van Middelkoop fan Definsje dy't by syn miening bliuwt de SAR-helikopter te ferpleatsen nei de fleanbasis yn Den Helder. No woansdei sil de fêste keamerkommisje yn Den Haach beslute oer de takomst fan de SAR.
Ek de waadeilannen binne net bliid mei de mooglike ferhuzing.