Wurdearring feteranen te let

29 jun 2007 - 11:51

Fryske feteranen út de Twadde Wrâldoarloch en fan de Politionele Aksjes yn Yndonesië binne noch altyd lulk oer hoe't se troch de jierren hinne behannele binne.

Freedtemoarn waard foar de twadde kear in feteranedei hâlden yn Ljouwert, mar neffens de measte oanwêzigen komt dat fierstente let. Benammen omdat guon fan harren kameraden de wurdearring dy't de lêste jierren opkommen is, net mear meimakke hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)