Deade otter fûn by Wolvegea

© Omrop Fryslân
By Wolvegea is tongersdeitejûn op 'e nij in deade otter fûn. It bist is de twadde dy't yn koarte tiid deariden wurdt. Addy de Jongh fan de stifting Otterstation Nederland is lulk dat der by it fiadukt oer De Linde noch altyd gjin maatregels naam binne, wylst dat neffens him wol tasein wie.
Neffens de Jongh komme der hieltyd minder otters foar yn natuergebiet De Weerribben. Hy warskôget foar it op 'e nij útstjerren fan it bist.