Breedstrjitte Dokkum ûnfeilich

29 jun 2007 - 10:11

De polityk yn Dongeradiel makket him soargen oer de feiligens yn de Dokkumer binnenstêd. Ferskate politike partijen ha dit witte litten yn de rie. Op de Breedstrjitte jildt op keapjûnen en sneons in ferbod foar auto's, mar dit wurdt allinnich oanjûn mei in boerd.

Neffens riedsleden bart it geregeld dat fuotgongers omfier riden wurde. It CDA tinkt no oan it ôfslúten fan de strjitte mei bygelyks in peal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)