Cambuur moat Van der Ree misse

© Omrop Fryslân
Cambuur moat it nije seizoen begjinne sûnder oanwinst Dennis van der Ree. De ferdigener dy't dizze simmer oerkomt fan AGOVV hat op syn fakânsje nei alle gedachten ien fan syn krúsbannen ôfskuort. It herstel fan de blessuere kostet seker in pear moannen.
Oanfaller Rene van der Weij is op 'e nij oan syn ankel opereard. Van der Weij mist dêrtroch in part fan de tarieding op it nije seizoen.