Pendeltsjinst foar skoalbern

© Omrop Fryslân
De gemeente Boarnsterhim lit takom wike bussen ride foar de skoalbern yn Akkrum omdat de spoarbrêge dêr ophege wurdt. Fytsers en fuotgongers meie fan moandei oant en mei freed net oer it bouterrein. Foar de fytsers is der in tydlik fytspaad oanlein.
Foar de bern komt der in pendeltsjinst tusken Akkrum-East en de rest fan it doarp. Der binne trije basisskoallen yn it doarp.