Waaijer komt net werom

© Omrop Fryslân
Piet Waaijer komt definityf net werom as wethâlder fan Harns. De bemiddeling troch âld-boargemaster te Loo fan Ljouwert hat net holpen.
Waaijer kin net weromkomme omdat er slim skeind is troch it rapport fan de rekkenkeamer. Dy ferwyt him as finansjeel wethâlder jierrenlang jild oppot te hawwen. Foar Waaijer wie dat oanlieding om op te stappen. Harns moat no op syk nei in nije wethâlder.