PvdA hat skea troch krisis

28 jun 2007 - 16:47

De PvdA yn hiel Fryslân hat skea fan de bestjoerskrisis yn Littenseradiel. Dat seit provinsjaal polityk lieder fan 'e PvdA Anita Andriesen.

Yn de krante sei de fraksjefoarsitter fan 'e PvdA-Littenseradiel Waterlander dat it âlde polityk is in boargemaster fan in eigen partij net nei hûs te stjoeren. De macht yn de partij leit no ienkear by in lyts tal minsken, seit Waterlander. Dêr is Andriesen it perfoarst net mei iens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)