Lilk oer kap beammen Bonnehos

28 jun 2007 - 14:57

Aksjegroep De Bomenridders yn Ljouwert is lulk oer de foarnommen kap fan beammen by it eardere Bonifatius Hospitaal. De gemeente wol dêr 414 beammen delhelje sûnder dat der yn de gemeenteried oer praat is.

Ljouwert hat as iennige gemeente yn Nederlân bepaald dat beammen dy't bouprojekten yn it paad stean, kapt wurde meie. Sa kin in beswierproseduere de boutariedings net fertraagje, tinke De Bomenridders.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)