Alves ferliest fan Meksiko

28 jun 2007 - 12:31

Hearrenfean-spits Afonso Alves hat woansdei mei Brazilië de earste wedstriid om de Copa America ferlern. Yn Venezuela wie Meksiko mei 2-0 te sterk. Alves kaam pas yn de twadde helte yn it fjild as ferfanger fan Elano.

De 'seleçao' stie doe al mei 2-0 achter. Trochdat Chili wûn fan Ecuador stiet Brazilië no lêste yn de poule. Brazilië moat it yn Venezuela dwaan sûnder de stjerren Kaka en Ronaldinho.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)