'Liemburg moat fuort'

28 jun 2007 - 12:14

De ried fan Littenseradiel hat woansdei op 'e nij útsprutsen dat de relaasje tusken gemeenteried en boargemaster fersteurd is. "Mear kinne we der net fan meitsje", seit Waterlander fan de PvdA-fraksje.

Kommissaris Nijpels hat de folsleine gearkomste bywenne en giet no yn oerlis mei Liemburg oer hoe't it fierder moat. Hy socht tongersdei earst kontakt mei it ministearje fan ynlânske saken oer de proseduere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)