OBS Skarsterlân selsstannich

© Omrop Fryslân
It iepenbier ûnderwiis yn 'e gemeente Skarsterlân wurdt selsstannich. De gemeenteried hat dêr woansdei mei ynstimd.
De fjirtjin iepenbiere skoallen yn 'e gemeente gean op yn in stichting foar iepenbier primêr ûnderwiis. Dat sil mei yngong fan 1 jannewaris takom jier barre. De stichting moat noch oprjochte wurde en krijt de earste fiif jier 1,2 miljoen euro fan 'e gemeente.