Man falt fan steiger

28 jun 2007 - 11:09

In 23-jierrige man út Loppersum yn Grinslân is tongersdei ferwûne rekke doe't er fan in steiger foel. It slachtoffer wie op in hichte fan trije meter oan it wurk op in bouplak yn Eastmahorn.

Troch noch ûnbekende oarsaak foel de man nei ûnderen ta. It slachtoffer rekke ferwûne oan it skouder en oan it liif. Hy waard mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs yn Dokkum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)