Utkomst rie L'diel noch geheim

27 jun 2007 - 23:40

Der is noch gjin dúdlikens oer it ferrin fan de bestjoerskrisis yn Littenseradiel. Woansdeitejûn prate de ried yn in sletten gearkomste oer it wol as net útfieren fan de moasje fan wantrouwen tsjin boargemaster Liemburg. Ek kommissaris Nijpels wie dêrby om de arguminten fan de riedsleden te hearren.

De útkomsten binne geheim, oant Nijpels oerlis hân hat mei it ministeary oer it definitive beslút.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)