Finale jeu de pelote bekend

27 jun 2007 - 22:17
  • Byld fan de heale finale

Op de achtste dei fan it iepen Frysk kampioenskip jeu_de_pelote hawwe Berltsum en Easterlittens harren pleatst foar de finale. Op it plein fan Easterlittens wûn Berltsum foar in smite folk fan Reduzum mei 8-3. Thúsklub Easterlittens kaam tsjin Easterein mei 3-1 achter, mar pakte dochs de winst mei 8-5.

Easterlittens en Berltsum stride tongersdeitejûn om 19.30 oere yn de finale.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)