Skjinne auto Tytsjerksteradiel

© Omrop Fryslân
Tytjerksteradiel is fan doel om alle gemeentlike auto's op miljeufreonlike brânstof ride te litten. It giet om acht frachtauto's en 19 lytsere weinen. De earste himmelauto rydt al op puer plantaardige oalje, PPO. De auto's komme op ierdgas te riden. Yn de takomst kin dan maklik oerskeakele wurde op biogas.
Tytjerksteradiel wol sa wurkje oan duorsumens en bedriuwen en ynwenners it goeie foarbyld jaan.