Net mei boat nei iepening

© Omrop Fryslân
Pleatslik Belang Idaerd fielt him de gek oanstutsen troch de gemeente Boarnsterhim. Foar de iepening fan it nije gemeentehûs binne alle doarpsbelangen frege om mei de boat nei Grou te kommen.
De Idaerders kinne net mei de boat komme, om't de Idaerder opfeart al 25 jier net útdjippe is. Pleatslik Belang Idaerd is wol fan doel om nei de iepening te kommen mei in kado, wêrmei ferwiisd wurdt nei de problemen.