Jild foar Jorwert?

© Omrop Fryslân
De provinsje is yn petear mei oare partijen oer in ekstra subsydzje foar it iepenloftspul fan Jorwert. It bestjoer hie 125.000 euro frege om't se yn de skulden sitte nei it jubileumjier 2004. De provinsje wol dat net jaan om't oare iepenloftspullen dan ek om ekstra jild freegje kinne.
Mar as de gemeente Littenseradiel en de haadsponsor meibetelje, soe de provinsje wol wat jaan kinne.