Skip yn problemen boppe Skier

© Omrop Fryslân
Yn de nacht fan woansdei op tongersdei hat de rêdingsboat fan Skiermûntseach yn aksje west foar in skip yn de problemen op 'e Noardsee. It skip hie 20 kilometer boven it eilân problemen krigen en koe sels net mear út de sterke streaming komme.
Ek de helikopter fan de SAR, in Dútske rêdingsboat en in sleepboat hawwe úteinlik helpe moatten. De operaasje hat in pear oeren yn beslach naam.