Proef tsjin alkoholmisbrûk

27 jun 2007 - 14:19

De provinsje wol meidwaan oan in lanlik proefprojekt fan it Ryk om wat te dwaan oan alkoholmisbrûk ûnder jongeren. Dit mei nei oanlieding fan de aksje 'Vroeg op Stap' fan twa memmen út Sigerswâld.

De proef fan it Ryk hâldt yn dat yn in tal gemeenten folle stranger tafersjoch hâlden wurdt op de ferkeap fan alkohol oan bern. Welke gemeenten dat yn Fryslân wurde, is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)