Feiligens: ferpleats lantearne

© Omrop Fryslân
Twahûndert ljochtmêsten by de klaverblêden fan Hearrenfean en Drachten wurde yn de kommende wiken ferpleatst. De mêsten steane op it stuit oan de bûtenkant fan de dyk, mar komme no allegear oan de binnenkant yn de berm.
Dit soe neffens Rykswettersteat de dyk feiliger meitsje. Gefolch fan de wurksumheden is dat it ferkear yn de kommende moannen op sneon rekkenje moat op oerlêst en fertraging.