Soad fûgels op Waad ferdronken

27 jun 2007 - 12:51
  • It nêst fan dizze lepelaar rint stadich oan ûnder wetter..

Net allinne op de Waadeilannen binne tsientûzenen jonge fûgels troch it hege wetter ferdronken, mar ek yn it bûtendykse lân binne in protte jonge fûgels slachtoffer wurden fan it stoarmwaar. Tiisdeitejûn rûn in part fan it Noarderleech ûnder wetter en moast it fee ferpleatst wurde.

Op ien plak stiene noch inkelde tsientallen hynders yn it wetter. Dat hat lykwols net hiel lang duorre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)