Keapsnein Drachten ûndersocht

© Omrop Fryslân
De gemeente Smellingerlân sil ûndersykje oft der draachflak is foar de ynfiering fan keapsneinen yn Drachten. Dêroer is al jierren diskusje. Ut in earder ûndersyk ûnder leden fan winkeliersferiening H&I die bliken dat in mearderheid net foar sneinsiepening is.
Om oer de keapsnein in goede diskusje te fieren lit de gemeente no ûndersyk dwaan. Mooglik komt der ek in proef mei in keapsnein yn Drachten.