Nije lokaasje dakleaze-opfang

De 'geheime' lokaasje fan de nije dakleaze-opfang
Der komt mooglik in dakleaze-opfang yn it eardere ABN/AMRO gebou oan de Nieuweweg yn Ljouwert. Yn de nije opfang moatte sa'n 40 wenplakken komme. De kommende wiken sil de gemeente mei omwenjenden yn petear, op 5 july is der in spesjale ynformaasjejûn. Nei de simmer sil de gemeente in definityf beslút nimme.
Der binne fjouwer nije opfanglokaasjes nedich yn Ljouwert. Dit om't de besteande opfang De Terp ticht giet.