Pelote: ferrassings en buien

27 jun 2007 - 09:46
  • Keatse tusken de buien yn Easterlittens

Op de sande dei fan it Frysk kampioenskip Jeu de Pelote yn Easterlittens stiene ferrassings en buien sintraal. It reinwetter makke it plein betiden glêd. Ferrassing wiene der yn de foarm fan de oerwinning fan Easterein op Ljouwert; it waard 8-2.

Berltsum, de winner fan 2006, wûn mei 8-2 fan Raard en Easterlittens pakte Wytmarsum yn: 8-3. Woansdeitejûn wurde de heale finales spile: Reduzum tsjin Berltsum en Easterein-Easterlittens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)