PvdA-leden Littens wolle frede

De leden fan de PvdA yn de gemeente Littenseradiel wolle dat de riedsfraksje de striidbile begraaft mei it kolleezje. De PvdA-ers sprutsen tiisdei op in besletten ledegearkomste it betrouwen út yn de eigen wethâlder Froukje Hernamdt.
Ek boargemaster Johanneke Liemburg hoecht net fuort fan de leden. De PvdA- riedsleden wiene sels ek by it oerlis en beriede har woansdeitemiddei op de sitewaasje.