Iepenloft Burgum giet troch

26 jun 2007 - 17:56

It iepenloftspul fan Burgum lit him neat gelegen lizze oan it minne waar. Praat dat de foarstelling net trochgiet, binne net wier. Dat lit de organisaasje witte.

De organisaasje fan it Burgumer iepenloftspul hat waarsaakkundigen rieplachte. Dy sizze dat de wynfleagen en buien fan tiisdeitemiddei it sturtsje fan 'e stoarm binne. Tiisdeitejûn is it waar goed, sa foarsizze de saakkundigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)