Fûgels yn problemen troch waar

Sweltsjes yn swirrichheden troch rein en hurde wyn
Hurde wyn en reinwetter soargje foar problemen by fûgels. Sa driigje de pôlen op It_Amelân derûnder te strûpen troch it hege wetter. Dêr sitte op it stuit in tûzental fûgels. It is de fraach oft dy it oerlibje.
Dêrneist falle nêsten mei jonge sweltsjes troch it reinwetter útelkoar en op 'e grûn. Dêr reitsje de fûgeltsjes gau ûnderkuolle. De Fûgelpits Moddergat ropt publyk op ta alertheid om hûs hinne.