Hûn ôfmakke om lijenswei

26 jun 2007 - 14:41

De dierebeskerming hat yn 'e gemeemte Frjentsjerteradiel in âlde hûn yn beslach naam en ôfmeitsje litte. De eigenaresse (48) hat in prosesferbaal krige. De hûn hie slimme ûntstekkings oan beide earen.

Begjin juny joegen twa bistedokters it advys it bist ôfmeitsje te litten. Dat woe de frou net. Omdat der dúdlik sprake wie fan in lijenswei, hat de lanlike ynspeksje yngrypt nei oerlis mei it Iepenbier Ministearje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)