Reboelje by IFKS

Reboelje by Iepen Frysk Kampioenskip Skûtsjesilen
By de IFKS is reboelje. It bestjoer hat de kommisje generaal, sis mar de útfierende organisaasje fan it kampioenskip, fuortstjoerd. Oanlieding is dielname fan it skip De Nynke fan skipper Kuiper. De mienings dêroer binne ferdield.
De Iepen Fryske Kampioenskippen Skûtsjesilen gean op 4 augustus fan start. Neffens foarsitter Amels is it wol of net trochgean net oan de oarder.