FNP: gjin sompe by de Bonke

26 jun 2007 - 13:28

De FNP Ljouwert stelt fragen oan B en W oer it plan om it gebiet benoarden de Bonkefeart ta sompe mei kuierpaad te meitsjen. De doarpen Snakkerbuorren en Lekkum binne dêrop tsjin, want der wie tasein dat der in buffersône bliuwe soe mei de stêd.

Better soe wêze de biologyske tún Snakkebuorren út te wreidzjen mei in hôf mei âlde fruitrassen. Neffens de FNP binne der al genôch kuierpaden en brêgen om oer de Bonkefeart te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)