Undersyk strjitrôf Ljouwert

© Omrop Fryslân
De plysje ûndersiket in strjitrôf yn Ljouwert dy't plakfûn hat yn de nacht fan moandei op tiisdei. In 17-jierrige Stienzer stie op it Ruterskertier te praten doe't der twa manlju oankamen. Se besochten it slachtoffer in earmbân te ûntstellen. Hy waard dêrby slein, mar koe fuortkomme en 112 belje.
Fan de man dêr't er mei te praten stie, waard in gouden ketting stellen. Beide fertochten fytsten nei harren die fuort rjochting Nijstêd.