Auto tsjin beam yn Bakkefean

© Omrop Fryslân
In automobiliste (18) út Bakkefean is moandei ferwûne rekke by in ûngelok oan de Foarwurkerwei yn har wenplak. Se wie troch ûnbekende oarsaak tsjin in beam riden. De auto fleach yn de brân, mar de bestjoerster koe der sels útkomme.
Gemeentewurkers dy't yn de buert oan it wurk wiene, hawwe it fjoer útmakke. It slachtoffer is mei ferwûnings oan 'e earm en in seare holle nei it sikehûs brocht.