Jild werom foar Somaliërs

26 jun 2007 - 10:39

Wûnseradiel krijt 55.000 euro werom fan it Ryk foar de opfang fan in Somalyske famylje. De famylje hat twa jier lang yn de needopfang sitten en hat koartlyn yn de twadde oanfraach in ferbliuwsfergunning krige. De gemeente hat de kosten fan 'e opfang en jild om fan te libjen betelle en krijt dat jild no werom.

Neist de Somalyske famylje binne der noch fiif oare famyljes dy't mooglik ûnder deselde regeling falle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)