Bestjoer Oskar stapt op

© Omrop Fryslân
It bestjoer fan lokale omrop Oskar yn Skarsterlân stapt ein dit jier op. Mei de frijwilligers kin gjin goede radio en televyzje makke wurde. Mei subsidiearre ynstellings yn 'e gemeente binne prestaasje-ôfspraken makke. Dêroan kin Oskar net foldwaan.
Boargemaster Kuipers fan Skarsterlân seit yn in reaksje ferrast te wêzen troch de stap fan it bestjoer. Neffens him falt der wol te praten oer de prestaasje-ôfspraken.